Twa depots foar smoarge bagger
Der komme twa depots foar slim fersmoarge bagger út it marregebiet. Dat binne stoart De Wierde, tusken Hearrenfean en De Jouwer, en it eilantsje Trijehûs by Grou.
It marregebiet moat foar 2010 skjin wêze. Twa miljoen kuub smoarge blaumodder fan de slimste kategory komt dan frij. Oant no ta is der net baggere om't der gjin opslachplak is.