Skoalplysje yn Drachten
It plysjedistrikt Drachten wol takom jier in soart skoalplysje beneame. Fierders wurde yn ferskate Drachtster wiken jeugdplysje aktyf. Kommissaris Straub sei dat moandei yn de riedskommisje fan Smellingerlân.
De plysje wol der ek op ta dat minsken faker oanjefte dogge fan in misdriuw. Ferline jier die 28% dat en dat is te min, fynt Straub.