Twarres presintearret CD2
Twarres hat moandeitejûn yn Amsterdam de nije CD foar it fuotljocht brocht. Dizze twadde skiif hat hiel tapaslik de titel 'CD2' meikrigen. De earste cd fan it Wergeaster sjongduo, 'Stream', waard omraak ferkocht, ek yn België.
Der steane op dizze twadde cd gjin Fryske ferskes. Fan 28 oktober ôf leit 'CD2' yn de winkels. De single 'I need to know' slacht no al oan.