Sluting driget foar slachterijen

© Omrop Fryslân
Selsslachtsjende slachters hinget sluting boppe de holle. Dat is de ferwachting fan Twadde-Keamerlid Atsma. Foar 1 novimber moatte de slachthuzen oan strange hygiëne-easken foldwaan, lykas wask- en ûntsmettingsplakken foar frachtauto's.
In soad lytsere slachterijen kinne dat net betelje. Atsma wol no yn debat mei steatssekretaris Odink fan Lânbou.