Stichting komt op foar strânride

21 okt 2002 - 00:00

Op Skylge is de stichting 'Houdt van Strand' oprjochte. De stichting wol opkomme foar eilanners dy't graach mei de auto it strân op wolle.

Inisjatyfnimmer Smit is bang dat strânriden hielendal ferbean wurdt. No mei dat noch fan 1 novimber oant 1 april. De stichting wol ek belutsen wurde by it útjaan fan fergunnings. Tiisdei praat de gemeenteried dêroer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)