Hûnen bite guozzen dea
Twa herdershûnen hawwe sneon foar 600 euro oan skea oanrjochte yn Heech. De bisten bieten fjouwer guozzen dea. De fûgels sieten op in ôffrede kampke oan de Draei.
De 35-jierrige eigner fan de hûnen út Boalsert hat daliks betterskip beloofd. Hy sil de skea fergoedzje. De plysje joech him dêrom gjin bekeuring, mar in warskôging.