Twakear in auto tewetter

20 okt 2002 - 00:00

Twa auto's binne freedtejûn it wetter yn riden. Dat barde by Gerkeskleaster en Eastrum. By Gerkeskleaster plûmpte in Kollumer (29) de Stroobosser Trekfeart yn. Dêrnei klom er op de auto. De brânwacht hat him derôf helle.

By Eastrum seach in Ljouwerter (19) in bocht yn 'e Tichelwei oer de holle en ried rjochtút de plomp yn. Hy en syn meiriders koene sels oan wâl komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)