Hermans wol nei Earste Keamer

© Omrop Fryslân
VVD-Twadde-Keamerlid Loek Hermans stelt him beskikber foar de Earste Keamer. Hjirmei ferliest Fryslân mooglik in fertsjintwurdiger yn 'e Twadde-Keamer. Earder hie minister Annemarie Jorritsma ek al oankundige nei de ferkiezings net weromkomme te wollen. De VVD ôfdieling Fryslân moat no op syk nei nije kandidaten. Neffens foarsitter Arno Brok falt it net ta ien te finen.