Plysjemuseum yn Terherne

20 okt 2002 - 00:00

Fryslân hat der in nij museum by: it Plysjemuseum Terherne. De widdo fan âld-kommissaris Torenaar iepene it museum sneon.

Yn it museum is de samling fan Jan de Boer fan 'e Lemmer ûnderbrocht. Dy bestiet út unifoarmen en attributen út sawat tachtich lannen. Wapens binne der lykwols net te sjen. It museum is festige yn it Kameleondoarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)