FNP: Kramer opfolger vd Baan
De 35-jierrige Johannes Kramer wurdt, as it oan it haadbestjoer leit, de nije listlûker fan de Fryske Nasjonale Partij by de steateferkiezings yn maart. Hy folget Jan van der Baan op.
Johannes Kramer wennet yn Sybrandabuorren en wurket as griffier by de gemeente Menameradiel. Op 29 novimber beslisse de leden fan de FNP oer de krekte gearstalling fan de list.