Otterpark wol dúdlikens oer jild

19 okt 2002 - 00:00

Otterpark Aqualutra by Ljouwert giet definityf ticht as der net binnen twa moannen dúdlikens komt oer de finansjele bydrage fan de oerheid.

Direkteur Lips fan it rekreaasjekonsern Libéma út Den Bosch, de hjoeddeistige eigner fan it park, is fan doel miljoenen yn it dierepark te ynvestearjen. Hy rekkent dêrby op in bydrage fan 2,2 miljoen euro fan it Ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)