'Undernimmers brûke EU te min'

© Omrop Fryslân
Fryske ûndernimmers dogge te min mei de mooglikheden en kânsen fan 'e EU. PvdA-Europarlemintariër Jan-Marinus Wiersma spruts freed op in wurkbesite yn Ljouwert dúdlike wurden.
Der is gjin belied wat eksport nei oare EU-lannen oanbelanget. Dêr leit in taak foar de Fryske Keamer fan Keaphannel, neffens Wiersma. Ek kin der mear gebrûk makke wurde fan subsydzjemooglikheden.