Deaden by brân yn Holwert

19 okt 2002 - 00:00

By in útslaande brân yn Holwert binne sneontemoarn in 30-jierrige man en syn soantsje fan 4 jier omkommen. De mem en in oar bern koene út de wenning komme.

De brân ûntstie om healwei sânen hinne, mooglik yn 'e keuken. Nei alle gedachten koene de man en it jonkje troch de reekûntwikkeling it hûs net mear útkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)