Jorritsma net op kandidatelist

© Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Jorritsma stelt har net beskikber foar de kandidatelist fan de VVD foar de kommende ferkiezings. Sy kin net tasizze dat se fjouwer jier oanbliuwe sil as Keamerlid.
Jorritsma seit út te sjen nei in oare baan. Earder dit jier krige de âld-minister út Boalsert in soad krityk doe't se nei de ferkiezings oanjoech de Keamer ferlitte te wollen.