Tetse kampioen ienspan
It hynder Tetse, riden troch Doeke Hoekstra, is tongersdei by Indoor Friesland Nederlânsk kampioen ienspan wurden. Net de favoriten Monte of Ulke giene der mei de priis fan troch, mar in outsider.
Fiif kombinaasjes striden om de ear by de ienspannen dekhynsten Frysk ras. Minkema koe net beskikke oer Heinse, de kampioen fan ferline jier.