Rekreaasjepark Amelân ferkocht

18 okt 2002 - 00:00

Rekreaasjepark 'Boomhiemke' op It Amelân wurdt noch dit jier ferkocht. It 45 jier âlde famyljebedriuw komt yn hannen fan Jan Riedstra út Jelsum. Dy hat 14 parken yn syn besit hân en in part dêrfan wer ferkocht mei winst.

Oer dat winsteachmerk meitsje hierders mei in steankaravan har soargen. Riedstra slút net út dat parten fan it park trochferkocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)