Aksje tsjin sluting universiteit
Der is in hantekenaksje op tou set tsjin de sluting fan it Ljouwerter stúdzjehûs fan de Iepen Universiteit. In groep studinten hat har feriene yn it aksjekomité 'Open Universiteit Leeuwarden Open'.
Sy wolle besykje de universiteit foar Fryslân te behâlden. Neffens it komité is it wis dat troch de sluting in soad studinten ophâlde sille mei de stúdzje.