Mar en Klif mooglik nei Riis

© Omrop Fryslân
Besikerssintrum en museum Mar en Klif yn Aldemardum giet mooglik nei Riis. It soe flak by de tagong nei it Riisterbosk komme moatte. It plan fan de gemeente Gaasterlân-Sleat wurdt stipe troch de stifting achter Mar en Klif.
Mar en Klif siket al in skoft om in plak dêr't útwreiding mooglik is. De opsje foar in nij besikerssintrum wurdt meinaam yn it bestimmingsplan foar Riis.