Undersyk lûdsoerlêst Vliehors

© Omrop Fryslân
De Ried fan Steat sil ûndersykje oft de maatregels tsjin de lûdsoerlêst op it militêre oefenterrein De Vliehors op Flylân wol strang genôch binne. Foar definsje jilde oare lûdsnoarmen as foar oare ynstellings.
De Waadferiening easke fan 't simmer oanskerping fan de miljeufergunning foar lân- en loftmacht op Flylân. Tongersdei wie de behanneling.