Skooter ûnder bedriging stellen

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige jonge út Reduzum hat tongersdei yn Ljouwert ûnder bedriging syn skooter ôfstien. Dat barde doe't de jonge by de biblioteek op de skooter stappe soe. Twa manlju bedrigen him mei stiletto. Sy naaiden op 'e skooter út.
De plysje freget tsjûgen fan it foarfal. De twa fertochten binne nei alle gedachten fan Antilliaanske komôf. De skooter, in Aprillia, is swart.