Longûntstekking seehûnen fataal

© Omrop Fryslân
De measte seehûnen dy't yn it Waad stoarn binne, binne omkaam troch in akute longûntstekking. Fierders wiene se yn goede kondysje. Dat is it earste risseltaat fan de seksje op sa'n tûzen deade seehûnen.
De seehûnestjerte liket oer syn hichtepunt hinne. Mei-elkoar binne sa'n 2200 seehûnen yn it Waad ferstoarn. Dat is sa'n 60 prosint fan de populaasje.