Aksje Novib tsjin kofjebaarners
De Novib, organisaasje foar ûntwikkelingsgearwurking, set út ein mei in aksje tsjin grutte kofjebaarners as Douwe Egberts. Neffens de Novib betelje de kofjebaarners gjin earlike priis oan de kofjeboeren yn tredde wrâldlannen.
Der is in estafette-aksje op tou set, wêrby't in wikselbeker troch Nederlân reizget. Sneon komt dy yn Ljouwert.