Wâldwei takom wykein ôfsletten
De Wâldwei sil takom wykein ôfsletten wêze foar al it ferkear. De minne steat fan de dyk twingt Rykswettersteat opnij ta aksje. Op sa'n 80 plakken wurdt nij asfalt oanbrocht.
It wurk begjint freedtejûn om 17.30 oere. It ferkear fan Ljouwert nei Drachten moat dan fia It Hearrenfean ride. Ferkear fan de oare kant wurdt advisearre om oer Burgum te riden.