'Fal kabinet skuld CDA en VVD'

17 okt 2002 - 00:00

It CDA en de VVD ha in kwealike rol spile by de fal fan it kabinet. Dat seit LPF-Twadde Keamerlid Harm Wiersma fan Goutum. Neffens Wiersma wiene beide partijen der op út om it regear falle te litten.

Lykas de oare LPF-ers, gong Wiersma der fan út dat it opstappen fan Bomhoff en Heinsbroek en it ferfangen fan Wijnschenk, it kabinet wol rêde soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)