Waadkeunstpriis oprjochte
De Waadferiening set takom jier útein mei de útrikking fan in Waadkeunst- priis. Dat is in twajierlikse priis foar jonge keunstners. De winner krijt 7000 euro. De Waadferiening wol mei de wedstryd minsken op in oare manier yn 'e kunde komme litte mei it Waad.
Studinten fan keunstopliedings wurde dizze wike noch benadere om in keunstwurk oer it Waad te meitsjen.