Ein oan oerlêst muzykskoalle

17 okt 2002 - 00:00

De lûdsoerlêst fan de nije muzykskoalle yn Boalsert wurdt oanpakt. De twa lokalen en de trije oefenromten wurde ekstra isolearre. Dat kostet 100.000 euro.

De muzykskoalle is sûnt augustus ferline jier ûnderbrocht yn in de nijbou fan it Marnekolleezje. Learlingen hienen lêst en argewaasje fan de muzykrepetysjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)