Aktrise Jeanne Verstraete dea

17 okt 2002 - 00:00

Jeanne Verstraete is ôfrûne freed yn Ljouwert ferstoarn. De aktrise is 90 jier wurden. Se spile yn de bekende film Merijntje Gijzens Jeugd.

Nei de oarloch wie se yn searjes op televyzje te sjen lykas De kleine waarheid en Dagboek van een herdershond. Se krige mei har earste man Max Croiset twa soannen, Hans en Jules dy't beide akteur binne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)