Dûmny op Alvestêderûte

17 okt 2002 - 00:00

Dûmny Hutten fan Frjentsjer leit sneon op bysûndere wize de Alvestêderûte ôf. Foar elke ôfstân brûkt er in oar ferfiermiddel lykas hynder en wein, in lúkse auto, kano en de 'benenwagen'.

Mei de tocht dy't er yn tolve oeren dwaan wol, hopet er jild te sammeljen foar in nij tsjerkgebou. Troch groei fan it tal leden sit de tsjerke sneins fol en is der mear romte nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)