Mishanneling yn Drachten
De plysje trof woansdei op de Noardkade yn Drachten in bliedende man oan. Der soe fjochterij west ha yn in hoareka- gelegenheid.
Wat der krekt bard is, is net dúdlik wurden. De belutsen jongeren sprutsen elkoar tsjin. It slachtoffer, in man fan 21 út Swol, is behannele yn it sikehûs. De plysje ûndersiket de saak.