Man by auto-ûngelok ferstoarn
By in ûngelok is tongersdeitemoarn in man út Ljouwert (25) stoarn. Hy botste op de Lauwersseewei tusken Rinsumageast en Stiennen Daam frontaal op in oare wein doe't er op de oare helte fan de dyk kaam. De automobilist fan dy auto rekke licht ferwûne.
De traumahelikopter út Grins is ynset. Troch it ûngelok wie de dyk in skoft ôfset.