'Rasisme by Fryske LPF'
Yn de Fryske ôfdieling fan de LPF binne rjochts-ekstremisten aktyf. Dat sei âld-fraksjefoarsitter Harry Wijnschenk woansdei yn it televyzjeprogram Barend en Van Dorp.
Hy soe e-mails krigen ha dêr't ynstiet dat yn Afrika gjin hongersneed wêze kin om't der bananen binne. De LPF-er seit him dea te skamjen foar de ynhâld fan de berjochten.