Sanearing haven Harns begûn
Boargemaster Arlman fan Harns en direkteur Hoogland fan Rykswettersteat Noard-Nederlân hawwe woansdei it startskot foar de sanearing fan de haven fan Harns jûn.
De boaiemgrûn moat sanearre wurde om't oars de nije yndustryhaven fersmoarge wurdt, as dizze keppele wurdt oan de âlde noardlike haven. Dy ferbining moat yn maaie takom jier makke wurde.