Leenstra twadde op 1500 meter

10 mrt 2012 - 18:03

Marrit Leenstra is twadde wurden op de 1500 meter by de wrâldbekerfinale yn Berlyn. Leenstra einige mei in tiid fan 1.56.93 krekt efter Christine Nesbitt. Tredde waard Martina Sablikova. Yn ôfwêzigens fan Ireen Wüst fersekere Nesbitt har fan de einoerwinning yn it wrâldbekerklassemint. Wüst waard twadde, krekt foar Leenstra.

De startbewizen foar it WK ôfstannen yn Thialf binne no ek bekend. Ireen Wüst en Marrit Leenstra wiene al wis, Linda de Vries is de tredde Nederlânse op de 1500 meter oer fjirtjin dagen yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)