60 miljoen euro foar skipsbou

16 okt 2002 - 00:00

De skipsbousektor kriget 60 miljoen euro ekstra stipe fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Minister Heinsbroek hat dat foar syn ôftreden skreaun oan de Twadde Keamer.

De finansjele stipe is bedoeld foar it ferbetterjen fan de konkurrinsjeposysje fan de Nederlânske skipsbousektor. De Europeeske skipsbou hat in soad konkur- rinsje fan Koreaanske skipshellingen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)