Ferhuzing jeugdhonk Wommels

© Omrop Fryslân
Foar jeugdhonk 'It Hintsje' yn Wommels is in nij plak fûn. 'It Hintsje' is in karavan dêr't regelmjittich 10 oant 15 jongerein by inoar komme. De karavan stiet no op it yndustryterrein oan de Lange Baan.
De brânfersekering fan in njonkensteand bedriuw hat dêr lykwols problemen mei. De jeugd soe in ekstra risiko wêze. 'It Hintsje' sil no nei de Littenserbuorren.