'LPF-stimmers dupe fan krisis'

16 okt 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De minsken dy't yn maaie op de LPF stimd hawwe, binne de dupe fan de kabinetskrisis. Dat sizze de Fryske keamerleaden Atsma en Jorritsma. Ek foarsitter Wiersma fan de LPF-Fryslân tinkt der sa oer.

Allegear nimme se it de LPF kwea-ôf dat se it sa fier kommen litten hawwe dat it kabinet net mear te rêden is. Oardel miljoen kiezers wurde sa teloarsteld.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)