'De Swanneblom' wint strontrace
It skûtsje 'De Swanneblom' fan skipper Age Veldboom kaam woansdeitemoarn as earste oer de einstreek by de 29e edysje fan de strontrace. Veldboom en syn bemanning hiene in foarsprong fan ien oere op konkurrint 'Eelkje II'.
De oare fjouwer strontskippen koene woansdeitemoarn pas troch de slûs by Sparendam en kamen letter op de dei yn Warkum oan.