Strjitte gefaarlik foar fytsers
De gemeente Hearrenfean hat in fytsferbod ynsteld foar de Sieverstrjitte om't dêr in soad fytsers ûnderút geane. Winkelstrjitte de Sieverstrjitte is koartlyn opnij ynrjochte mei in fytspaad en in wat hegerlizzend part foar fuotgongers.
De oarsaak en mooglike oplossings wurde no ûndersocht. Fanwege feiligens meie der salang gjin fytsers komme.