Plannen tsjin yllegaal race

16 okt 2002 - 00:00

De trije organisaasjes dy't strjitraces organisearje, hawwe plannen makke om foar te kommen dat der noch langer yllegale races op de iepenbiere dyk holden wurde.

De klups wolle mei de gemeenten ôfspraken meitsje om wedstriden op race-sirkwys te hâlden. Om Drachten hinne wurdt neffens har net mear yllegaal raced no't dat legaal kin.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)