Ritsma start net op maraton

© Omrop Fryslân
Rintsje Ritsma docht woansdei net mei oan de iepeningswedstriid fan it maratonseizoen foar reedriders yn Alkmaar. Syn coach Gerard Kemkers fynt it net ferstannich om de Lemster starte te litten.
Neffens Kemkers is in maraton foar Ritsma no te swier om't er krekt in wike swier traind hat. Ek Renate Groenewold sil om dy reden net starte.