Soad animo foar tv-útstjoering
In soad Friezen ha nei de bysetting fan Prins Claus op televyzje sjoen. Guon hienen der sels in frije dei foar nommen om de útstjoering tiisdei te sjen.
Om't Nederlân net nasjonale rou ken, wie it foar de measte minsken in gewoane wurkdei. Yn guon Fryske tsjerken waarden in skoftlang de klokken let.