Fazanten Fûgelhelling moatte dea

© Omrop Fryslân
Alle 161 fazanten dy't sûnt ferline wike yn de Fûgelhelling yn Oerterp ferbliuwe, moatte ôfmakke wurde. Dat hat it Iepenbier Ministearje yn Assen moandei bepaald.
De bisten komme fan in boer út it Drintse Beilen. Dy hie gjin fergunning foar it fokken fan de fazanten. It is noch net bekend wannear't de bisten ôfmakke wurde.