Militêren ree foar begraffenis
Ek yn Fryslân binne moandei de lêste tariedings troffen foar de begraffenis fan prins Claus. Militêren fan de fleanbasis oefenen op it foarmjen fan in earehaach foar de roustoet.
Oan de plechtichheid dogge moarn 430 Fryske militêren mei. Sy steane tusken tsien en twa oere by de rûte lâns. In ynternasjonale oefening op de luchtbasis wurdt moarn even stillein.