Bommelding yn Frjentsjer

14 okt 2002 - 00:00

By it Frjentsjerter bedriuw Huhtamaki, op yndustryterrein Súd, is moandei in bommelding binnenkommen. De plysje hat it bedriuw ûntromme en de omkriten ôfset.

De treinen tusken Dronryp en Harns ha middeis net riden. Ek it skipferkear op it Van Harinxmakanaal waard stillein. Om fiif oere waard it sein feilich jûn. De plysje hat neat fûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)