Fertochte mishanneling oanholden

14 okt 2002 - 00:00

De plysje hat in 16-jierrige ynwenner fan Sumar oanholden foar in stekpartij yn dancing Quatrebras. De fertochte soe dêr mids septimber sûnder oanlieding in jonge mei in glês yn it each stutsen hawwe.

It slachtoffer koe syn each net behâlde. In jonge út Burgum dy't earder as fertochte oanholden is, hat neat mei de saak te krijen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)