Ungerêste fakânsjegongers
Reisburo Het Schone Streven yn Ljouwert krige moandei in soad fragen fan fakânsjegongers. It reisburo is spesjalisearre yn reizen nei Yndonesië.
Sneon rekken 183 minksen dea by in bomoanslach yn in diskoteek yn it plak Kuta op Bali. Fia it Schone Streven sieten op dat stuit sawat 80 fakânsjegongers yn Kuta. De reizen fan it buro geane foarearst gewoan troch.