Fermiste jonge weromfûn

14 okt 2002 - 00:00

De fermiste 20-jierrige jonge út Droegeham is sneintemiddei healwei seizen wer fûn. Plysjes seagen him rinnen op in dyk by Urk.

De jonge hie mei maten yn Amsterdam nei in houseparty west. Hy wie útstapt by de Ketelbrêge en koe net weromfûn wurde. De plysje hat snein mei in helikopter, speurhûnen en in rêdingsboat nei de jonge socht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)