Brân yn hoarekagelegenheid

13 okt 2002 - 00:00

Yn in hoarekagelegenheid oan 'e Noardkade yn Drachten hat sneontemiddei brân west. It fjoer ûntstie op it húske dêr't in man in plestik amer yn 'e brân stuts. Oer de muorren fersprate it fjoer him.

De eigner hat it fjoer sels útmakke. Op dat stuit wiene der net folle klanten yn 'e saak. In 49-jierrige Drachtster is dy jûns oppakt fanwege de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)