Auto yn beslach nommen

13 okt 2002 - 00:00

Trije kear is skippersrjocht, mar net foar in 32-jierrige Ljouwerter. Syn auto waard sneontenacht yn beslach nommen, om't er sûnder rydbewiis ried. Dat wie him de nachts dêrfoar ôfnommen fanwege dronkenskip. Dêrnei wie er ek pakt op 'e A32 mei 164 km yn 'e oere op 'e teller.

De Ljouwerter moat foarearst mei in boete en 'autoleas' troch it libben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)