Flaggesintrale yn min waar

© Omrop Fryslân
It liket net goed te gean mei de Dokkumer flaggesintrale. De ekonomyske weromgong liket ek gefolgen te hawwen foar it Dokkumer fabryk. De flaggesintrale soe 40 fan de 145 minsken dien jaan wolle. It giet dan benammen om produksjemeiwurkers.
De fakbûnen binne noch net offisjeel op 'e hichte steld, mar ferwachtsje de kommende wiken wol berjocht fan de DVC.